Middellange Gronology

De Middellange Gronology (ôfkoarte ta M.G.) is in gronology fan 'e Brûnstiid en de iere Izertiid yn it Midden-Easten, dy't de midden hâldt fan 'e fiif gronologyen dy't foar dy tiidrekken yn gebrûk binne. De krekte jiertallen foar alle histoaryske foarfallen fan foàr de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, om 1200 f.Kr. hinne, binne yn dat diel fan 'e wrâld nammentlik ûnwis. De Middellange Gronology stelt it regear fan 'e Aldbabyloanyske kening Hammoerabi fêst op 1792 f.Kr. oant 1750 f.Kr., en de Fal fan Babylon op 1595 f.Kr. Troch fan dy jiertallen foarút of efterút te tellen kin men de krekte jiertallen fan oare foarfallen fêststelle.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy